Anne-Maries Bloemlezing

[index]
back to the index

Tehofkomst blues

Set klokken stil, snij ôf it tillefoan,
Smar (dat er mar net blaft) de hûn in bonke oan,
Slút de piano's en bring mei berutsen tromme
De kiste bûten, lit de rouwers komme.

Lit fleantugen boppe ús sirkelje kroanend fan toan
Oan 'e himel skreauwend Hy Is Ferstoarn,
Doch roustrûzen om dowen har wite nekke,
Lit de plysjes de hannen yn swarte wanten stekke.

Hy wie myn Noard, myn Súd, myn East en West,
Myn wurk fan troch-de-wyks en myn Sneinske rêst,
Myn middei, myn middernacht, myn praat, myn fers;
My tocht dy leafde wie foar ivich: ik siet dernêst.

Stjerren binne net wolkom no: smyt se derhinne;
Fuort mei de moanne en ûntmantelje de sinne;
Leegje de oseaan en lis de wâlden stil;
Want neat mear is der no dat ea goedkomme sil.

W.H. Auden (translation Martin Brouwer)